FNP rikt twa prizen út

09 jan 2006 - 11:23

Op de nijjiersresepsje fan de FNP yn Jirnsum binne sneon twa ûnderskiedingen útrikt. Dy gongen nei boargemaster Ella Schadd fan Boarnsterhim en nei Petra Beerda fan Drylts.

Schadd krige Fryske houtsjes om't se al aardich wat Frysk praat, wylst se noch mar acht moannne boargemaster is yn Fryslân. Petra Beerda waard ûnder- skieden om't se har ynset foar it behâld fan de seldsume Fryske readbûnte kij. Dat is it âldste Fryske koweras.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)