'Fryslân moat universiteit ha'

© Omrop Fryslân
Fryslân moat binnen fiif jier in eigen universiteit yn Ljouwert ha. Dat sei Gerben Gerbrandy fan de FNP sneon op de nijjiersresepsje fan de partij yn Jirnsum. Hy fynt ek dat de provinsje mear jild stekke moat yn Frysk yn it ûnderwiis en it iepenbier ferfier.
Gerbrandy tinkt dat guon FNP-ôfdielings by de riedsferkiezings yn maart de grutste yn har gemeente wurde sille. Hy fynt dat de FNP stribje moat nei tolve wethâlders yn Fryslân. No binne dat twa.