Diskusje oer ûndertiteling soap

08 jan 2006 - 16:41

Deputearre Mulder is min te sprekken oer de ûndertiteling fan de Twintske soap 'Fan jonge leu en oale groond'. Omrop Fryslân stjoert de 30-dielige searje út mei Nederlânske ûndertitels.

Mulder seit dat it beslút yngiet tsjin de bestjoersôfspraken fan it Ryk oer de Fryske taal. Dêryn stiet dat it Frysk prioriteit ha moat. Omrop Fryslân- direkteur Gaanderse seit dat de Omrop linich mei talen omgean moat. Undertiteling is hiel djoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)