Aris pakt ferrassende oerwinning

© Omrop Fryslân
Basketbalclub Aris hat in sensasjonele oerwinning pakt op koprinner Landstede Basketbal út Zwolle. Nei ferlinging waard it 93-87 foar de Ljouwerters. Koart foar de ferlinging like Michael Kingma foar de beslissing te soargjen, mar yn de lêste sekonde makke Landstede de lykmakker.
Aris stiet no noch hieltiid lêste mar rint wol yn op de konkurrinten Bergen op Zoom, Weert en Almere.