Moeliker nije keeper Hearrenfean

08 jan 2006 - 15:29

Sportklub Hearrenfean hat in nije keeper. It is de 25-jierige Kevin Moeliker, dy't oerkomt fan Stormvogels Telstar. Moeliker is oanlútsen, omdat Boy Waterman foar in lange perioade útskeakele is troch in knibbelblessuere. Moeliker hat in kontrakt tekene foar in heal jier.

De Rotterdammer wie dwaande oan syn tredde seizoen by Stormvogels Telstar en spile derfoar by Helmond Sport, NEC en Dordrecht '90.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)