Legaat kin iepenbier neffens wet

08 jan 2006 - 14:39

It legaat fan Abe Bonnema kin op grûn fan de Wet Iepenbierheid Bestjoer iepenbier makke wurde. Dat seit jurist De Meer fan Boonstra en Rademakers yn Ljouwert. As de provinsje in beslút oer it nije Frysk Museum motivearret op basis fan it legaat, dan moat dat iepenbier wêze.

De aksjegroep 'Sterk Fries Museum' wol dat it legaat iepenbier wurdt. Kommissaris Ed Nijpels wol dat net om't der ek persoanlike saken yn stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)