Flyers ferlieze fan Amsterdam

07 jan 2006 - 16:07

De iishockeyers fan Vadeko Flyers fan It Hearrenfean ha freedtejûn mei 4-3 ferlern fan Amsterdam. De ploech waard ôfrûne woansdei yn de striid om de beker ek al útskeakele troch Amsterdam.

Amsterdam kaam seis sekonden foar de ein fan de earste perioade op foarsprong. Yn de slotfaze rûn de ploech út nei 4-2. Oardel minút foar tiid brocht Matt Kothuis de spanning werom, mar der koe gjin ferlinging ôftwongen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)