Stroomsteurings yn Fryslân

07 jan 2006 - 15:29

Twa wiken yn Ljouwert hawwe sneon in pear oeren sûnder stroom sitten. It giet om Bilgaard en Westeinde. Oarsaak wie in kabelbreuk. Dupearren krije automatysk 35 euro skeafergoeding. Monteurs moatte mei opgravings noch útfine hoe't de steuring ûntstean koe.

Ek Droegeham is troffen troch in stroomsteuring. It doarp siet fan freedtemiddei fjouwer oere oant sneontemoarn healwei fiven sûnder elektrisiteit. Sy krije ek kompinsaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)