Boetes foar te hurd riden

© Omrop Fryslân
By Grou en It Hearrenfean hat de plysje juster in trijetal automobilisten trapearre op te hurd riden. Op de autodyk A6 krige in bestjoerder in boete omdat er 35 kilometer te hurd ried.
Op de A32 fan Grou nei Ljouwert wiene twa bestjoerders de klos. Se rieden 27 en 30 kilometer te hurd. Dêr krige in boppedat in Dútse frachtweinsjauffeur in bekeuring foar mobyl beljen sûnder handsfree-set.