Reuny fan Sil de Strandjutter

© Omrop Fryslân
Tritich jier nei de lêste opnames fan de film Sil de Strandjutter komme de haadrolspilers werom nei Skylge. Se dogge dat fanwege in reuny dy't organisearre is troch guon eilânbewenners.
Op sneon 21 jannewaris kinne de bewenners dy't oan de film meiwurke ha, in hapke ite mei ûnder oaren Monique van der Ven en Jan Decleir. Goed 50 fan de 150 beskikbere kaarten fan Hotel Bornholm binne al ferkocht.