Manlju mishannelje twa froulju

06 jan 2006 - 11:49

Yn Ljouwert binne fannacht twa froulju fan 24 en 25 jier út St. Anne berôve en mishannele troch trije manlju. Dat barde yn de Doelensteeg. Oan'e hân fan in sinjalement koe de plysje letter by de Klanderij de trije manlju oanhâlde.

It giet om twa manlju fan 17 en 20 jier út Amsterdam en in 22-jierrige ynwenner fan Spijkenisse. Ien fan de twa froulju rekke by de oerfal licht ferwûne oan har holle. Se is behannele yn sikehûs MCL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)