Nije lokaasjes foar brûkersromte

© Omrop Fryslân
It gemeentebestjoer fan Ljouwert moat nije mooglike lokaasjes sykje foar in brûkersromte foar drugsferslaafden. Dat wol de riedsfraksje fan it CDA.
Yn in foarstel fan it kolleezje wurde trije lokaasjes neamd, mar twa dêrfan lykje ûnhelber fanwege protesten fan omwenjenden. Der is noch mar ien opsje oer.Om in goede kar meitsje te kinnen fynt it CDA it wichtig dat it kolleezje fan B&W mear mooglike lokaasjes foar in brûkersromte sykje moat.