Freugdefjoeren mooglik ferbean

06 jan 2006 - 11:35

De gemeente Dongeradiel tinkt der oer om freugdefjoeren mei âld en nij te ferbieden. Oanlieding dêrfoar is in miljeudelikt by de brânsteapel fan Mitselwier. Dêr wiene ferline wike sneon in tal fetten mei oalje yn de brânbult ferstoppe. It stik grûn is dêrtroch sa slim fersmoarge dat it skjinmakke wurde moat.

In pear jier lyn hat der spul west oer it freugdefjoer fan Wierum om't de flammen dêr te heech wêze soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)