Ien Halt-buro foar it Noarden

© Omrop Fryslân
De Halt-buro's fan Fryslân, Grins en Drinte geane fierder as ien organisaasje. Mei de nije opset hopet de organisaasje effisjenter wurkje te kinnen. De gearwurking sil benammen plakfine op it mêd fan administraasje en direksje. Yn eltse provinsje sil ien lokaasje bestean bliuwe. Op it stuit binne der yn Fryslân noch twa Halt-buro's, ien yn Ljouwert en ien yn Easterwâlde. De gearwurking sil op 1 jannewaris 2007 úteinsette.