'IBF oer 15 jier hielendal fol'

© Omrop Fryslân
De drege tiid foar it ynternasjonale bedriuweterrein (IBF) op it Hearrenfean. liket foarby. Oer 15 jier kin it IBF sels hielendal fol wêze. Dat ferwachtet de gemeente Hearrenfean. Ferline jier is der foar it earst wer in pear hektare grûn ferkocht en ek foar dit jier binne der gadingmakkers.
De kavels op it IBF mochten oant 2004 allinnich oan grutte bedriuwen ferkocht wurde. No't dat feroare is komme der mear bedriuwen.