Enna Aerosols fallyt

06 jan 2006 - 11:12

It spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum is fallyt. It fakbûn FNV frege it fallisemint oan omdat it lean fan in grut tal meiwurkers net útbetelle waard. De rjochtbank bepaalde juster noch dat direkteur Trost 66 wurknimmers net samar dien jaan koe. Evert Jan Rotshuizen fan it kantoor Boonstra en Rademakers yn Ljouwert is oanwiisd as kurator fan Enna Aerosols. De kâns op in trochstart wurdt lyts achte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)