Alde mosterpotten yn Drachten

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân hat twa besûndere mosterpotten oankocht. It giet om twa sulveren potsjes út 1713 en 1720. Se binne makke troch in Drachtster sulversmid.
De potsjes soene bewize dat Drachten hielendal net sa earm wie as altyd tocht is. Nei alle gedachten hawwe der meardere sulversmeden yn it doarp aktyf west. De twa mosterpotten binne fan acht jannewaris ôf te sjen yn Museum Smellingerlân.