Legere tariven fiskôfslach

© Omrop Fryslân
Fiskers hoege by de ôfslach Insula yn Harns tenei minder te beteljen foar de oanfier. Harns is nei Urk de twadde ôfslach dy't syn tariven ferleget. It is foar it earst sûnt 65 jier dat soks foarfalt.
De omset fan de fiskôfslach yn Harns wie ferline jier 37 miljoen euro, sân miljoen boppe it bedrach dat it út kin. Troch de taryfferleging tinkt Harns better konkurrearje te kinnen mei oare ôfslaggen.