Gjin bystânsútkearing op Amelân

© Omrop Fryslân
Elkenien dy't him meldt foar in útkearing by de gemeente Amelân, krijt in baan. Dy opmerkelike tasizzing waard in jier lyn dien troch de boargemaster fan doe, Paul Verhoeven.
De boargemaster is dy belofte neikommen. Twa persoanen melden har yn 2005 foar in bystânsútkering. Ien waard troch de gemeente sels yn tsjinst naam, de oare koe by in bedriuw oan de slach.