Mear fraach nei kantoarromte

05 jan 2006 - 16:47

De fraach nei kantoarromte yn Fryslân nimt foarsichtich ta. Dat is de ûnderfining fan makelder Boelens Jorritsma yn Ljouwert. De taname is no foaral yn de A7-sône by Drachten en It Hearrenfean.

Ljouwert bliuwt noch achter. Hjir steane mear aldere en minder goed te berikken kantoaren leech. Yn de haadstêd is no noch hast sechtichtûzen kante meter kantoarromte beskikber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)