Twa drugsdealers oanhâlden

05 jan 2006 - 14:32

Twa Ljouwerters binne woansdei oppakt foar it dealen yn drugs. De plysje seach dat se oan it hanneljen wiene op de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Doe't se de Reigerstrjitte yn rûnen, woe de plysje se arrestearje.

Ien fan de manlju begûn fuortendaliks te slaan en te skoppen. De oare joech in plysjefrou in klap yn it gesicht. Beide fertochten, fan 28 en 29 jier, binne yn de boeien slein en meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)