Koarte treinsteuring

05 jan 2006 - 10:54

In koarte stroomsteuring hat tongersdeitemoarn it treinferkear tusken Ljouwert en Starum platlein. Seinen en wiksels wurken net op it trajekt Mantgum-Warkum. De steuring hat sawat in oere duorre. Om goed tsien oere koene de treinen der wer del.

De bus dy't as ferfangend ferfier tsjinne, kaam fêst te sitten yn de berm. Der moast in trekker oan te pas komme om him derút te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)