Groenendaal wint Centrumcross

04 jan 2006 - 22:51

Richard Groenendaal hat de ynternasjonale fjildrit yn Surhústerfean wûn. Hy fersloech yn 'e sprint de Belch Erwin Vervecken. Wilant van Gils waard tredde. Opfallende ôfwêzige wie Gerben de Knegt. Hy koe net meidwaan om't er de gryp hat.

De Centrumcross waard foar de tolfde kear hâlden en is de start fan it jubileumjier fan it pleatslike hurdfytskomitee. Sy organisearje ek de profronde fan Surhústerfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)