'Plysjeminsken op mountainbikes'

© Omrop Fryslân
Plysjeminsken yn Ljouwert sille tenei ek op mountainbikes yn de stêd patrûlearje. Dat is it plan fan de nije teamsjef fan Ljouwert, Marc Jacobs, dy't dizze begûn is yn syn nije funksje.
Mei it saneamde mountainbiketeam wol er it feilichheidsgefoel by de ynwenners werombringe. Doel fan Jacobs is om binnen trije jier fan Ljouwert de feilichste stêd fan Nederlân te meitsjen. Hy makket him grutte soargen oer drankmisbrûk en geweld.