Boargemaster Arlman hâldt op

04 jan 2006 - 21:50

Boargemaster Arlman fan Harns hâldt der mids dit jier mei op, as er 62 wurdt. Hy hat dan 25 jier boargemaster west. Foardat er yn Harns kaam, wie er de earste man yn Nieuwe Schans en Oude Pekela.

Yn Harns wie Arlman acht jier boargemaster. Hy folge dêr yn 1998 de VVD-er Jansema op. Syn grutste wapenfeit neamt er de komst fan de nije haven. Arlman giet foarearst net út Harns wei te wenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)