Coopmanshûs ferhuzet 50 meter

© Omrop Fryslân
Nei jierren fan sykjen nei in lokaasje, ûnderhanneljen en ferbouwen is tiisdei úteinset mei de ferhuzing fan museum it Coopmanshûs yn Frjentsjer. It nije pân stiet 50 meter fierderop. Toch moast der in ferhúswein oan te pas komme om de kolleksje nei 64 jier oer te bringen nei it Martenahûs.
De ferbouwing yn it Martenahûs rint achter op skema. Op 1 jannewaris hie de ferhuzing al plakfine moatten, mar it museum hat in wike útstel krigen.