Mear muskusrotten fongen

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân ha ferline jier 36.000 muskusrotten fong en dat is hast 3000 mear as yn 2004. En dat liket frjemd, want de lêste jierren gong it tal rotten dat fongen waard omleech.
Dat der no dochs mear fongen binne, komt mei trochdat it wetterskip ekstra minsken ynset hat yn it Noardeasten fan de provinsje. Dêrtroch is it tal muskusrotten yn oare parten fan Fryslân wer tanommen.