Dubieuze strjitmakker oppakt

04 jan 2006 - 14:47

De plysje hat in 44-jierrige man út de Harkema oanhâlden op fertinking fan oplichting. De man ferhierde himsels as strjitmakker by partikulieren, hy socht de minsken sels út. Klanten moasten foarút betelje, mar de man makke it wurk net dien. De fertochte hat minsken yn ûnder oare Kollum en Drachten oplichte, guon foar tûzenen euro's. De plysje freget minsken dy't mooglik ek oplicht binne troch dizze man, om oanjefte te dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)