'Veelpleger' feroardield

04 jan 2006 - 12:03

In ferslaafde man sûnder fêst wenplak moat twa jier opnaam wurde yn in ynstelling foar minsken dy't geregeld de fout yngean. De man moast foar de rjochter ferskine omdat er twa fleskes bodylotion stellen hie út in winkel.

De rjochtbank lei him de straf op omdat de man yn hast tweintich jier tiid al hiel faak feroardield is foar stellerij. De feroardielde hat yn dy tiid faak help krigen, mar dat hat him net op it rjochte paad hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)