Fûgels AquaZoo wurde faksinearre

04 jan 2006 - 12:00

Yn bistepark AquaZoo by Ljouwert krije freed alle fûgels in prik tsjin de fûgelgryp. Yn it park binne goed 200 fûgels en de direksje fan it park wol dy bisten graach beskermje. It hie om AquaZoo wol earder gebeure mocht, mar omdat der út en troch útwikselingen binne mei oare parken yn Europa wie der earst tastimming nedich fan de Europeeske Uny.

No freed is de earste ronde, oer seis wiken wurde alle bisten nochris ynente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)