Wymbrits rekket ynwenners kwyt

© Omrop Fryslân
It oantal ynwenners yn de gemeente Wymbritseradiel is tsjin de ferwachtings yn lytser wurden en dat kostet de gemeente aardich wat sinten. Boppedat kin it de leefberens yn de 28 kearnen yn de gemeente ûnder druk sette. Dat seit boargemaster Jacob Reitsma fan Wymbritseradiel.
It oantal ynwenners rûn yn 2005 mei 120 werom. De gemeente hat der noch gjin idee fan hoe't dat kin en wol dêr dit jier ûndersyk nei dwaan.