Reklameburo wint gemeentepriis

04 jan 2006 - 07:39

It reklameburo fan Gerben Okkinga oan de Snitserpoart yn Boalsert is tiisdei op de nijjiersresepsje fan dy gemeente útroppen ta ûndernimmer fan it jier.

De stifting Boalsert oan Set hat de priis yn 2001 ynsteld foar Boalserter bedriuwen mei grutte bekindheid en in ambasadeursfunksje foar de stêd. De ferkiezing wurdt ienris yn de twa jier hâlden. De priis gie yn 2001 nei ITS Reizen en yn 2003 nei de Fryske brouwerij Us Heit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)