Arriva wurket mei satellyt

© Omrop Fryslân
Ferfiersbedriuw Arriva makket sûnt koart gebrûk fan in satellyt om de tsjinstferliening oan de klanten te ferbetterjen. De satellyt is ûnderdiel fan in nij kommunikaasjesysteem.
Meiwurkers kinne no krekt sjen wêr't de bussen binne. Dêrtroch kin Arriva reizgers rapper op de hichte bringe fan fertragingen, knyppunten en wizigingen. De sintrale kin ek soargje dat busritten better op elkoar oanslute.