Ynwenners It Bilt tefreden

03 jan 2006 - 08:56

Ynwenners fan It Bilt binne tige tefreden oer de tsjinstferliening fan de gemeente. Se jouwe de gemeente dêrfoar in 7 op it rapport. Ien en oar docht bliken út in ûndersyk dat dien is troch studinten fan de Noardelike Hegeskoalle yn Ljouwert.

Benammen de wize wêrop't de gemeente de ynwenners op de hichte hâldt, skoart heech. Mar leafst 93 prosint is dêr tefreden oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)