Swimbad Menaam dochs net iepen

© Omrop Fryslân
It swimbad by Menaam kin dochs net iepen bliuwe foar ynwenners fan Menameradiel. In nij petear tusken de gemeente en eigner Van Booma fan rekreaasjekompleks Schatzenburg oer dit ûnderwerp hat neat opsmiten.
In mearderheid fan de gemeenteried woe dat it gemeentebestjoer op 'e nij mei Van Booma om de tafel gean soe. Beide partijen hiene earder al wol in akkoart berikt oer de oankeap fan de sporthal troch de gemeente.