Waskerij De Blinde draait wer

© Omrop Fryslân
In lytse wike nei de brân by waskerij de Blinde fan it Hearrenfean draait it famyljebedriuw al hast wer op folle toeren. De folsleine produksjehal gie by de brân ferlern. De skea is mear as tsien miljoen.
De klanten hoege lykwols net oer harren wask yn te sitten. Alle 75 wurknimmers binne nammentlik by it susterbedriuw Rentex yn Boalsert oan de slach gien. Se wurde sanedich mei in pendelbus nei it wurk ta brocht.