Flearmûsrûte yn fiadukt

© Omrop Fryslân
Under in noch oan te lizzen fiadukt yn de rûnwei om Bûtenpost hinne komme spesjale foarsjennings foar flearmûzen. It gebiet dêr't it fiadukt komt is nammentlik in wichtige rûte foar flearmûzen op syk nei iten.
Om foar te kommen dat de bisten oer de dyk moatte, wurdt spesjale beplanting ûnder it fiadukt oanbrocht. Dy moat der foar soargje dat de flearmûzen aanst ûnder it fiadukt trochfleane.