Boersma tinkt nei oer profklub

© Omrop Fryslân
Age Hains Boersma wit noch net foar welke profklub oft er kiest. De spits fan Snits hat noch twa oanbiedings fan betelle fuotbalklubs en tinkt dêr oer oardel wike út te wêzen.
Boersma fynt it spitich dat FC Grins de ûnderhannelings mei him staakt hat. Hy koe by de earedivisjonist komme mar tinkt al in skoft nei oer de oerstap. Foar Grins is de doar no ticht. De klub fynt dat Boersma net graach genôch wol.