Fyftjin fjoerwurkslachtoffers

02 jan 2006 - 10:07

De sikehuzen yn Fryslân ha yn de âldjiersnacht mei inoar 15 fjoerwurkslachtoffers behannele. Dat binne der minder as ferline jier. It Antonius-sikehûs yn Snits hie it mei seis fjoerwurkslachtoffers it drokst. De measten hiene ferwûnings oan 'e hannen.

By Talma Sionsberg yn Dokkum kamen fjouwer fjoerwurkslachtoffers binnen. Trije fan har wiene bern. It MCL yn Ljouwert hie in rêstige jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)