Spoarmuseum no al te lyts

© Omrop Fryslân
It Nationaal Modelspoormuseum moat al wer útwreidzje. It museum sit noch mar kwalik in jier yn it stasjon fan Snits.
Freed kaam de 25.000e besiker oer de flier. It museum hie dit jier mar 15.000 besikers ferwachte. Nêst mear besikers krijt it museum ek folle mear modeltreinen en oar guod dat mei treinen te krijen hat. De opslach sit grôtfol, dus moat der in nij depot komme. It museum hopet op in skinking, want jild is der net.