Riedstra keaper Cambuurterrein?

01 jan 2006 - 00:00

Sakeman Jan Riedstra wol mooglik it terrein fan it Cambuurstadion keapje om dêrmei it trochbestean fan de klub te rêden. Riedstra sei dat sneintemiddei yn it nijjiers-radioprogramma fan Omrop Fryslân Sport.

It eardere bestjoerslid fan Cambuur hat lykwols sels gjin bouplannen op it terrein. Hy sjocht it as needoplossing as de ferkeap oan de A7-Accoladegroep net trochgiet. As Riedstra it keapet, wol er it letter wer trochferkeapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)