Fûgels ferbaarnd yn Surhuzum

31 des 2005 - 16:34

In folière mei fyftich fûgels is freedtejûn folslein útbaarnd oan de Suderheawei yn Surhuzum. De 77-jierrige bewenner ûntduts de brân doe't er útsocht wêrom oft er elektrisiteitsproblemen yn hûs hie.

Hy hearde bûten wat knetterjen en seach dêr de folière yn 'e brân stean. De brânwacht koe neat mear oan de flammen dwaan. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)