Goed jier foar Schuurmans

© Omrop Fryslân
Fjoerwurkfabryk Schuurmans hat in goed jier achter de rêch. Neist in grutte ferbouwing dy't goed ferrûn is, is der dit jier wer mear fjoerwurk ferkocht as ferline jier.
Sneontejûn giet der wer foar miljoenen euro's oan fjoerwurk de loft yn. In grut part dêrfan ôfkomstich fan fjoerwurkfabryk Schuurmans yn Ljouwert. It binne benammen de grutte pakketten sierfjoerwurk dy't it goed dogge.