Brân yn kampearpleats

© Omrop Fryslân
By in brân yn in kampearpleats oan de Houtwal yn Bakkefean is freedtenacht in sliepkeamer folslein útbaarnd. In groep gasten seach tillevyzje doe't de stroom ynienen útfûl. Se gongen op ûndersyk út en ûntdutsen brân yn in sliepkeamer.
Alle oare gasten yn de kampearpleats waarden fuortendalik warskôge en de brânwacht waard alarmeard. Dy koe net foarkomme dat de sliepkeamer folslein útbaarnde. De eigner hat in oar ûnderkommen foar syn gasten regele.