Huntelaar skoart tsjin Ajax

31 des 2005 - 13:00

Klaas Jan Huntelaar hat freedtejûn ien kear skoard yn syn lêste duel foar Sportclub Heerenveen. Fan 1 jannewaris ôf is Huntelaar yn tsjinst fan Ajax, mar Huntelaar fersomme net tsjin datselde Ajax in goal te meitsjen. Hearrenfean wûn yn de winterse omstannichheden de wedstryd mei 4-2.

By rêst stie it noch 2-0. Hearrenfean kaam yn de twadde helte mei 4-0 foar te stean, mar Ajax wist noch twa doelpunten te skoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)