'Eysingahûs net loskeppelje'

31 des 2005 - 13:00

Der moat gjin nij historysk museum komme yn it Eysingahûs yn Ljouwert. Dat fynt direkteur Cees van 't Veen fan it Fries Museum. Neffens foarsitter Bearn Bilker fan de Stifting Staten en Stinzen dat it Eysingahûs hiel geskikt wêze soe foar sa'n nij museum. De mooglike ferhuzing fan it Fries Museum soe it paad dêr frij foar meitsje. Van 't Veen fynt it gjin goed idee.

It Eysingahûs is no noch ûnderdiel fan it Fries Museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)