Ferkear en bussen wer op gong

© Omrop Fryslân
Busreizgers moatte sneon rekken hâlde mei lytse fertragings. De bussen ride wol wer foar it grutste part, mar kinne troch it waar soms net op 'e tiid komme. Freedtejûn lei it busferkear der foar it grutste part út. Dat hie te krijen mei sniebuien en izel.
De grutste problemen mei de oerlêst binne yn it Noarden sa goed as foarby. Op de diken yn stêden en doarpen leit noch wol in soad snie, mar de grutte diken binne oer it generaal skjin.