Yllegale stjoerders út de loft

31 des 2005 - 11:45

Yn Fryslân binne tongersdei 9 yllegale stjoerders út de loft helle troch it Agentschap Telecom. Dat barde yn Broeksterwâlde, Drachten, Warten, Koatstertille, Oerterp en Drachtsterkompenije.

De piraten hawwe allegear in warskôging krigen. As se wer útstjoere, moat der sawat 4500 euro betelle wurde. Mei de krystdagen binne der tradisjoneel in soad piraten dwaande mei in 24-oers maraton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)