Dykbehearders klear op waar

31 des 2005 - 09:52

Rykswettersteat en de provinsje Fryslân riede harren ta op it minne waar dat freed yn it hiele lân ferwachte wurdt. Der komme út it súdwesten sniebuien oan, dy't letter oergeane yn izel en rein. Dat soarget grif foar glêde diken. It KNMI hat sels in waaralarm jûn.

De NS hat op guon spoarlinen no al fertraging oankundige en advisearret om nei 16.00 oere net mear mei de trein te reizgjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)