'Stipe Frysk nei oare saken'

30 des 2005 - 12:54

De Fryske skoallen krije jierliks fiif euro de learling fan it Ryk om Fryske metoaden en oare learmiddels foar de Fryske taal oanskaffe te kinnen. De measte skoallen jouwe dit jild lykwols út oan oare saken dy't ek nedich binne.

Dat sei FNP-steatelid Annigje Toering yn Frjentsjer, op it Krystkongres fan de Fryske studinteferienings. Neffens frou Toering hat it learen fan it Frysk by in grut part fan de skoallen gjin prioriteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)